Beareloop rint stoarm

19 apr 2011 - 09:26

De Beareloop op Skylge wurdt hieltyd populêrder. Sa is it no al net mear mooglik om je ynskriuwe te litten foar de heale maraton. De ynskriuwing begûn op sneon 15 april om tolve oere nachts en binnen twa dagen wie de limyt fan 3800 dravers al berikt. Minsken kinne har noch wol ynskriuwe foar de hiele maraton.

De 15e Beareloop fynt plak op 6 novimber. De lêste 15 jier is it evenemint útgroeid ta de grutste maraton fan Noard-Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)