Bear Boeloe hast jierdei

09 apr 2004 - 00:00

Bear Boeloe fiert woansdei 21 april syn jierdei. Dy dei wurdt de 500e ôflevering útstjoerd by Omrop Fryslân tv. De bear wol de bern ek traktearje. Bern fan 0 oant 10 jier kinne dy dei by ien fan de 52 meiwurkjende bakkers in fergees stikje oranjekoeke helje.

Fierder is fan 16 april o/m 15 maaie by de Keunstútlien oan de Wissesdwinger yn Ljouwert in útstalling mei orzjinele Bear Boeloe-tekeningen. Bear Boeloe komt mooglik ek yn IIslân op televyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)