Beant Baas sil moandei keatse

03 aug 2001 - 00:00

Omrop Fryslân is dwaande mei de opnames fan de nije Fryske TV dramasearje Baas boppe Baas. Haadrolspiler is Rense Westra. Hy spilet Beant Baas.

Moandei 6 augustus sil in nije ôflevering foar de searje opnommen wurde op it keatsfjild fan Weidum. Beant Baas sil dan mei syn soan keatse tsjin it winnend partoer fan de PC, it partoer Van Tuinen. Publyk is fan herte wolkom!

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)