Beammetún foar begraafplak

15 jun 2009 - 12:42

It âlde stedsbegraafplak yn Ljouwert moat in beammetún wurde. Mei dat plan komme twa Ljouwerter riedsfraksjes; de VVD en de NLP. It begraafplak en lykhúske binne in ryksmonumint.

De âlde grêven en gebouwen wurde opknapt, mar John Stoelinga fan de NLP en de Karen Vasbinder fan de VVD fine dat der ek wat mei it grien gebeure moat. Der stiet in grut ferskaat oan bysûndere beammen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)