Beammen yllegaal ferpleatst

04 mrt 2008 - 16:04
  • de beammen wurde útgroeven...
  • ...en opnij plante

De miljeuplysje hat proses-ferbaal opmakke tsjin de gemeente Snits om't dy 24 beammen yn it Rasterhoffpark ferpleatst hat. Dêr wie gjin fergunning foar. Om't de beammen net kapt wurde, is it wurk net stillein.

Der rinne noch beswieren tsjin de bou fan in Van der Valk-hotel by it park. Woansdei soe de rjochter bepale oft de beammen ferpleatst wurde meie. De gemeente hat dy útspraak dus net ôfwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)