Beammen wike foar Heak

28 feb 2011 - 14:20

Rykswettersteat begjint dizze wike mei de beammekap foar de oanlis fan de Heak om Ljouwert. De earste beammen dy't omgean stean by Wurdum, it giet hjir om 8 populieren en 2 wylgen. Dy beammen moatte wike foar it ferlizzen fan in lieding fan Vitens.

Mei-elkoar moatte 190 beammen en hast 600 boskjes ferdwine. Rykswettersteat sil alle beammen en boskjes opnije plantsje. Sa'n 10% wurdt fuortdaliks weromplante, de rest yn oerlis mei de gemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)