Beammen plante op Saailân

10 apr 2012 - 16:29

Neist de winkels, de ûndergrûnske parkeargaraazje en it nije Fries Museum krijt no ek it plein by it Saailân yn Ljouwert hieltyd mear foarm. Ynkoarten wurdt mei de betegeling begûn en tiisdei is in begjin makke mei it plantsjen fan tsien al aardich grutte Dútske eskdoarnen.

Wethâlder Deinum mocht mei help fan in kraan de alderearste yn in grutte bak mei modder delsette. Woansdei wurde de lêste fan 10 eskdoaren plante.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)