Beammen op Ljouwerter plein

26 jan 2007 - 10:09

Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert wurde dizze dagen sân beammen plante by de yngong fan it stedskantoar. Wethâlder Bleize plante tongersdei de earste. Mei-elkoar komme der 38 beammen. De oare 31 folgje heal maart.

It plantsjen fan de beammen is ûnderdiel fan in grutte opknapbeurt fan it Aldehoustertsjerkhôf. Dat moat in echt eveniminteplein wurde. Sûnt begjin dit jier is it plein autofrij. Under it plein sit in parkeargaraazje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)