Beammen oan N381 roaid

28 feb 2014 - 14:59
  • De N381 tusken Easterwâlde en Appelskea

In hoveniersbedriuw is dwaande mei it fuortheljen fan beammen by de N381 del tusken Easterwâlde en Appelskea. It wurk moat foar 15 maart klear wêze, want dan begjint it briedseizoen.

De beammen fan it Drintsk-Fryske Wâld moatte derwei om't de dyk fjouwerbaans makke wurdt. Der mei dan ek hurder riden wurde, maksimaal 100 kilometer yn de oere. It wurk moat ein 2015 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)