Beammen Langwar bliuwe stean

24 apr 2013 - 12:03
  • Tsjerke Langwar

De 200 jier âlde linebeammen by de tsjerke fan Langwar bliuwe stean. Der stie in rjochtsaak oer pland, mar dy giet net troch. De gemeente Skarsterlân hat oerienstimming berikt mei it tsjerkebestjoer. Dat bestjoer woe fan de beammen ôf fanwegen oerlêst fan tûken en blêden en om't se safolle ljocht tsjinhâlde. Dat soarge foar in stoarm fan protesten yn it doarp. Ek de gemeente woe de beammen behâlde. De oplossing is dat de beammen stean bliuwe, mar wol flink snoeid wurde. Ut proeven hat bliken dien dat de beammen sa noch wol 100 jier mei kinne.

Neffens wethâlder Durksz hat in wikseling yn it tsjerkebestjoer der mei foar soarge dat der praat wurde koe oer it flink snoeien fan de beammen. Earder wie dat foar de tsjerkrintmasters net besprekber. Skarsterlân sil de beammen tenei alle jierren kontrolearje en besjen watfoar ûnderhâld oft nedich is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)