Beammen Langwar bliuwe dochs

18 aug 2011 - 21:08

De âlde beammen by de Herfoarme tsjerke yn Langwar meie net kape wurde. De gemeente Skarsterlân hie in kapfergunning ôfjûn oan it tsjerkebestjoer, mar dy is ynlutsen. De tsjerke woe graach fan de beammen ôf, omdat se in gefaar foarmje foar de tsjerke en de huzen.

Oaren yn it doarp wolle de beammen graach hâlde omdat se byldbepalend binne foar it doarp. It tsjerkebestjoer makket beswier tsjin it ynlûken fan de fergunning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)