Beammen It Fean fergiftige

15 maaie 2009 - 12:44
  • De twa fergiftige beammen

De plysje nimt de fergiftiging fan twa beammen oan de Kempenaersingel op It Hearrenfean heech op. Unbekenden hawwe nei alle gedachten in giftige stof yn 'e beam spuite. Gefolch is dat de fjirtich jier âlde beammen begjinne ôf te stjerren.

Der is oanjefte dien troch de eigner fan de beammen. Dat is de gemeente. De skea wurdt rûsd op 10.000 euro. De plysje ropt minsken op dy't wat sjoen hawwe har te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)