Beammen illegaal kapt yn Lekkum

28 feb 2006 - 09:35

Twa âlde beammen dy 't ûnderdiel binne fan it beskerme doarpsgesicht yn Lekkum binne sneon kapt sûnder fergunning. Ien fan de beammen foel yn de tún by Meint van der Woude. Van der Woude belle de plysje en it kappen waard stopset. De eigner fan de grûn wol der in hûs delsette, mar de beammen stean yn it paad.

De yllegale kap is meld by de gemeente Ljouwert. De dieders krije nei alle gedachten in boete.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)