Beammen fuort foar Heak

22 feb 2013 - 16:51
  • Beamstam

Rykswettersteat set moandei útein mei it kappen fan beammen en struken by de A31 by Marsum. It grien moat fuort om plak te meitsjen foar de nije rûnwei Heak om Ljouwert. Troch it kappen no te dwaan sit it wurk it briedseizoen net yn it paad.

It wurk duorret nei alle gedachten sawat twa wiken. It kin foar lûdshinder soargje foar omwenners. It ferkear op de A31 soe gjin lêst hawwe moatte fan de kapperij. Foar it grien dat no fuorthelle wurdt, wurdt op in oar plak wer wat werom plante.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)