Beammen Frjentsjerterbosk kapt foar moaier bosk

11 nov 2014 - 12:14
  • De Frjentsjerter bosk is te ticht beplante, neffens de gemeente
  • Frjentsjerterbosk

De Frjentsjerterbosk is fertutearze. De bosk oan de westkant fan de stêd is 28 jier ferlyn oanlein as keunstwurk, mar de gemeente hat it net goed ûnderhâlden. Om de bosk opnij sûn te krijen moat de helte fan de beammen kapt wurde om ljocht en romte te meitsjen foar de jonge oanplant. De tsien bunder bosk bestiet út meardere perselen mei ferskate beammesoarten. Doel is om oer in pear wike mei it kappen en opromjen útein te setten.

It giet om tûzenen beammen, dy't fersnippere wurde. Hjirmei kinne grutte gebouwen ferwaarme wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)