Beammen fernield op 'e Jouwer

27 des 2011 - 13:48

Op De Jouwer binne dit wykein in soad beammen fernield. Dat barde yn it leantsje achter de Oksewei en de Túnkerij. De beammen binne mei geweld omhelle. Se binne op in meter boppe de grûn kapt. It liket derop dat it de dieders net om it hout te dwaan wie, want dat ha se lizze litten of yn it wetter smiten.

It leantsje is fan de gemeente Skarsterlân. De gemeente hat oanjefte dien fan de fernielerij by de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)