Beammen Beetstersweach meie om

02 mrt 2010 - 16:31

Yn it Van Lyndenpark yn Beetstersweach meie beammen kapt wurde fan de Rie fan Steat. Wenningstichting Elkien wol yn it park graach wenten bouwe. Fan de rjochter krige de organisaasje grien ljocht om beammen del te heljen.

Platfoarm Leefber Beetstersweach tsjinne dêrop in skorsingsfersyk yn. De bosk soe grutte kultuer-histoaryske wearde hawwe. Dêrneist soene der ek ferskate bysûndere bisten en planten yn 'e bosk wêze. Mar de Steatsrie hat de beswiermakkers no gjin gelyk jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)