Beammeleane Feankleaster opknapt

13 jan 2006 - 11:45

It opknappen fan de ferneamde leane mei beammen yn Feankleaster kostet wol 60.000 euro. Dat tinkt de gemeente Kollumerlân. Nei de ruilferkaveling binne de beammen eigendom wurden fan de gemeente. Dy seit dat fierder ûndersyk nei de sûnens fan de beammen nedich is.

Guon beammen hawwe skea fan it ferkear en in soad takken yn de toppen binne dea. Mar de beammeleane bliuwt foar it doarp behâlden, deade beammen sille troch de gemeente ferfongen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)