Beammekenners socht foar skou

12 mrt 2006 - 16:56

De Bomenstichting siket minsken dy't helpe wolle by it ynspektearjen fan monumintale beammen. De stifting wol it bestân dat der fan monumintale beammen is aktualisearje. Yn Fryslân binne sa'n 850 beammen dy't registrearre binne. De beammen binne eigendom fan goed 350 eigners.

It komt foar dat net bekend is fan wa't beammen binne. De bomenstifting siket derom minsken dy't goed bekend binne yn de regio en ferstân ha fan beammen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)