Beammekap makliker meitsje

03 feb 2005 - 07:06

De gemeente Eaststellingwerf komt mei nije plannen om it kapjen fan beammen makliker te meitsjen. In jier ferlyn woe it kolleezje fan B & W noch de kapfergunning hielendal skrasse, mar doe kaam der in soad ferset fan natuerorganisaasjes en de gemeenteried.

Yn de nije plannen meie allinnich lytse beammen en saneamde 'eksoaten', lykas dennen en sparren, sûnder fergunning delhelle wurde. Monumintale beammen komme op in spesjale list te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)