Beafeart nei Lourdes

24 apr 2008 - 23:05

It Frânske beafeartsoard Lourdes krijt de kommende dagen hûnderten Fryske en Grinslanner katoliken op besite. De minsken gean mei in reis mei dy't troch it bisdom organisearre is.

Reden foar de besite oan Lourdes is dat it dit jier 150 jier lyn is dat dêr de hillige maagd Maria oan it famke Bernadette ferskynde. Mei inoar geane der 1200 minsken mei. Nije wike freed komme se wer thús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)