Beachrockers no nei Harns

03 maaie 2010 - 17:10
  • It Beachrockerslogo fan ferline jier

Dancefestival Beachrockers wie ferline jier in grut súkses op it strân fan De Ulesprong by Sint Nyk. It festival luts doe sa'n 2000 minsken. Mar de besikers moatte foar de twadde edysje nei it Waadseestrân fan de Westerseedyk, want de gemeente Skarsterlân wol gjin tastimming jaan foar in twadde edysje op 'e Ulesprong.

Neffens de gemeente Skarsterlân soe it lestich wêze om op 'e Ulesprong foar foldwaande plysjetafersjoch te soargjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)