Beachkuorbal giet net troch

16 apr 2009 - 10:55

It Beachkuorbaltoernoai dat 20 juny op it Lemster strân organisearre wurde soe, giet net troch. Dat betsjut dat der in ein komt oan 15 jier beachkuorbal op De Lemmer.

Neffens de Beachkuorbalkommisje binne der problemen mei de finansiering, falt de belangstelling fan de dielnimmers ôf en rint de gearwurking mei de gemeente net goed. Dêrom is besletten op te hâlden mei de organisaasje fan it toernoai.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)