Beachfoljebal-karriêre Schuil

16 jun 2006 - 16:27

Foljeballer Richard Schuil makket mei syn maat Reinder Nummerdor karriêre as beachfoljeballer. De eardere foljebal- ynternasjonals dogge goed mei yn de top fan it beachfoljebal. Twa wike lyn waarden se yn Hamburg al tredde op in evenemint foar de Eurobeachtour.

Freed wûnen se yn Moskou by it Russyske mastertoernoai fan it sterke Russyske koppel Arkajev/Barsoek en steane no yn de heale finale. Se binne no hast wis fan dielname oan it EK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)