Be Quick - De Jouwer: 5-0

05 okt 2003 - 00:00

SC De Jouwer gie snein foar de tredde kear achterinoar mei grutte sifers ûnderút. Op de Esserberg yn Grins ferlearen de Jousters mei 5-0 fan Be Quick. De Jousters rekken yn 'e problemen neidat Paul de Vries yn 'e twintichste menút in reade kaart krige.

Mei tsien man koene de Jousters it net lang bolwurkje. Al gau foelen yn heech tempo de earste twa goals. Foar Be Quick skoarden Wiersma, Tahapary(2x), Lanjouw en Van der Meulen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)