BdV: Singer/songwriter Michiel de Koning smyt it roer om

20 mrt 2016 - 10:56
  • Michiel de Koning

Singer/songwriter Michiel de Koning hat syn hûs yn Ljouwert opsein en al syn guod ferkocht. It kommende healjier sil hy in stúdzje duorsume túnbou dwaan yn Ingelân. In stúdzje dy't hy betellet mei it jild dat hy krijt foar syn spullen en fia wat crowdfunding. Yn it radioprogramma Buro de Vries docht er sneintemoarn syn ferhaal.

Hy hie in hektysk libben as muzikant. Doe't syn relaasje útrekke en hy hast tsjin in burn-out oansiet, besleat hy in jier nei in boeddhistysk kleaster yn Frankryk te gean. Hy wurke dêr yn de tún, en dat die him goed.

Dêr woe hy mear mei dwaan en sa kaam dizze stúdzje yn Ingelân op syn paad.

Frisse start

"Het idee van opnieuw beginnen, een frisse start maken. Het idee van; zijn deze spullen echt zo belangrijk, dat idee heb ik nooit kunnen loslaten". Ien ding docht Michiel net fuort: syn kompjûter. Dy set hy by syn broer del omdat dêr syn muzyk opstiet.

Foar it radioprogramma Buro de Vries makke ferslachjouwer Eduard Rekker in mankelike reportaazje mei Michiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)