BCV en Blauw Wit '34 hâlde elkoar yn lykwicht

31 okt 2015 - 16:39

De Fryske derby tusken BCV en Blau Wyt '34 is einige yn 1-1 lykspul. Yn Burgum moast it publyk lang wachtsje op de Burgumer iepeningstreffer. Dy foel pas yn de 61e minút en kaam op namme fan Jelte van der Wal. Ronnie Ganzevoort makke der mei noch tsien minuten op de klok 1-1 fan.

De fuotballers fan Balk wiene mei 3-0 te sterk foar de nûmer twa d' Olde Veste. Winst wie der ek foar Feanwâlden, dat mei 4-2 wûn by Viboa. Skoard waard net yn de wedstriid tusken Bûtenpost en Bedum. Ljouwerter Sweltsjes ferlear mei 2-1 fan koprinner Dronten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)