BC fashion definityf ticht

31 aug 2000 - 10:25

Spikerbroekfabryk BC Fashion út 'e Westerein giet definityf ticht. Ut in ûndersyk fan de NOM docht bliken dat it bedriuw gjin perspektyf mear hat.

Eigner Sienema makke fan 't maitiid al bekend dat er gjin takomst mear seach foar it bedriuw. Hy joech doe de skuld oan de provinsje Fryslân en de gemeente Dantumadiel dy't in liening werom easken. By BC Fashion wurkje 80 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)