Bazuin wint kampioensdivyzje

02 nov 2014 - 10:10
  • Brassband De Bazuin fan Oentsjerk (argyffoto)

Brassband De Bazuin út Oentsjerk hat sneontejûn op de Nederlânske Brassband Kampioenskippen de kampioensdivyzje wûn mei it hege oantal fan 95 punten. Under lieding fan Klaas van der Woude spile De Bazuin as bêste it ferplichte wurk Journey of the Lone Wolf fan komponist Simon Dobson. Ek de solistepriis gong nei Oentsjerk, nei trombônespiler Trienke de Vries.

It twadde plak op de NBK gie nei Amsterdam Brass. De Wâldsang fan Bûtenpost waard tredde. Soli Brass út Ljouwert einige op it sechde plak.

De Bazuin mei takom jier meidwaan oan de Europeeske Brassband Kampioenskippen yn Freiburg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)