Bausch hâldt op by Romein

07 feb 2003 - 00:00

Ed Bausch hâldt op as direkteur fan Theater Romein yn Ljouwert. Dat hat er freedtemiddei bekendmakke. Op 1 jannewaris 2004 set Bausch in punt achter syn wurk by it teater.

Yn oerlis mei it bestjoer leit Bausch feitlik al op 1 april syn direksjetaken del. Hy sil him de kommende tiid noch wol dwaande hâlde mei ferhier, programmearring en publisiteit fan it teater. Der wie de lêste tiid in soad krityk op Romein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)