Bauke Vaatstra: ûnferwachts

06 des 2012 - 20:37
  • Bauke Vaatstra

Bauke Vaatstra, de heit fan Marianne, hie de bekentenis fan Jasper S. wol ferwachte, mar fûn it toch ek wol wer ûnferwachts. Neffens Vaatstra hie Jasper S. "ek wol neat sizze kind". Ut it feit dat Jasper S. frijwillich DNA ôfstien hat, makke hy op dat de fertochte der nei 13 jier wol ôf wêze woe.

Vaatstra hat altyd sein dat Marianne net frijwillich mei har moardner meigien is en dat is dus ek sa, de fertochte en Marianne koene elkoar ek net. Vaatstra is bliid mei de bekentenis, mar wol beslist noch witte wêrom't Marianne fermoarde is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)