Bauer-moard opnij ûndersocht

01 aug 2002 - 00:00

De moard op de 34-jierrige Wietske Bauer út Ljouwert wurdt opnij ûndersocht. De frou waard op 19 july 1986 út it Damsterdiep tusken Garmer- wolde en Ten Boer yn Grinslân helle.

Sy wie nei alle gedachten troch geweld om it libben kaam. Twa fertochten binne doe oanholden mar letter ek wer frijlitten. In spesjaal plysjeteam hat no frege om in nij ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)