Batholomew Ogbeche bliuwt langer by Cambuur

30 apr 2015 - 13:41
  • Gjin derby tsjin Hearrenfean foar Ogbeche

Spits Bartholomew Ogbeche bliuwt langer by SC Cambuur. De Ljouwerter fuotbalklup hat gebrûk makke fan de opsje yn syn kontrakt om de spits in jier langer te hâlden. Ogbeche is kluptopskoarer by Cambuur. De Nigeriaan kaam yn de winterstop fan it seizoen 2013/2014 oer en makke syn earste doelpunt yn de derby tsjin SC Hearrenfean.

Dit seizoen pakte hy it kluprekôr fan Robin Nelisse troch trettjin kear te scoaren yn ien earedivyzjeseizoen. Technysk manager Marcel Keizer is bliid dat Ogbeche noch in jier bliuwt: "Voor ons is hij een topspits."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)