Batavus siket stellen prototypes

22 sep 2006 - 10:57

Fytsfabrikant Batavus siket twa prototypes fan in nij model dy't stellen binne yn Hoorn. Dêrby wurdt bedriuwsspionaazje net útsletten. De prototypes hawwe in nije trapleas ferstelbere fersnellingsnaaf. Dêrmei giet it skeakeljen as fansels, in trochbraak, sa fynt de fabrikant.

De fytsen soene yn Hoorn ynpakt wurde foar ferfier nei in show yn Las Vegas. Nei alle gedachten gean no twa oare prototypes nei Amearika.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)