Batavus lilk op Konsumintebûn

30 jan 2002 - 00:00

Batavus easket fia de rjochter rektifi- kaasje fan it Konsumintebûn. Yn in koart pleit easket memmebedriuw Accel dat dit bûn de beskuldiging fan priisferheging troch de euro ynlûkt.

Batavus seit dat it konsumintebûn twa ferskillende fytsen mei deselde namme ferlike hat. Dêrtroch soe de fyts 20 prosint djoerder wêze. It konsumintebûn lûkt de beskuldigingen lykwols net yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)