Batavus en Koga yn de prizen

28 jan 2008 - 19:55

By de ferkiezing fan de fyts fan it jier hat fytsefabrikant Batavus fan It Hearrenfean in saneamde Special Award krigen foar de Batavus Weekend.

It giet hjir om in fyts foar deistich gebrûk. Ek wie der in Special Award foar de Koga Miyata Tesla. Dit is in elektryske fyts, dy't ek op It Hearrenfean makke wurdt. De moderne foarmjouwing hat hjir foaral de trochslach jûn. In fyts fan Giant waard útroppen ta fyts fan it jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)