Basso wint Surhústerfean

04 aug 2004 - 12:40

De Italiaan Ivan Basso is tiisdei winner wurden fan de Profronde fan Surhústerfean. De nûmer trije fan de lêste Tour de France bleau yn de lêste ronde Erik Dekker in pear meter foar.

Basso wie in pear ronden foar it ein demarreerd út in kopgroep. Dekker besocht him noch yn te heljen mar koe it krekt net mear oprêde. Tredde waard Aart Vierhouten. Pieter Weening fan De Harkema waard sande. Hy rydt ynkoarten noch de ronde fan Spanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)