Baskysk dreech foar ûnderwizers

28 jun 2002 - 00:00

Twa-tredde fan 'e Baskyske ûnderwizers dy't in jier frij krigen om de Baskyske taal (better) te learen is sakke foar harren taaleksamens. 517 fan 'e 772 ûnderwizers dy't oan it programma meidiene, hellen in ûnfoldwaande.

It resultaat is in tebeksetter foar it Baskyske regear, dy't alle skoallen twatalich meitsje wol. Yn septimber binne der wer kursussen foar dosinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)