Basketballers fan Aris winne yn bekertoernoai fan Red Giants

14 jan 2016 - 07:17
  • Ali Fraser

De basketballers fan Aris Ljouwert hawwe woansdeitejûn de kwartfinale fan it bekertoernoai helle. De Ljouwerters fersloegen de Red Giants út Meppel mei 85-75. Aris starte muoisum, mar kaam yn de twadde helte op foarsprong. Dy joegen se net mear út hannen.

Red Giants komt út yn de promoasjedifyzje, de klasse krekt ûnder de earedifyzje dêr't Aris yn spilet. Yn de kwartfinale nimme de Ljouwerters it op tsjin Grasshoppers, ek in klup út de promoasjedifyzje. Op 6 febrewaris is de earste wedstriid yn Katwyk.

Wint Aris, dan is it troch nei de heale finale. By ferlies is der in pear dagen letter noch in returnwedstriid yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)