Basketballers bliid mei Obama

05 nov 2008 - 06:31
  • Obama mei ek graach basketbalje...

De Aris-basketballers Jayme Miller en Keith Spencer binne bliid mei de ferkiezing fan Barack Obama ta presidint fan har lân. Se sjogge yn de 44ste presidint fan Amerika de oplossing foar de problemen yn it lân. It giet dan benammen om de ferskillen dy't der binne tusken blank en swart.

De basketballers folgen de ferkiezingsútslach yn har tydlike hûs yn Ljouwert. Se spylje foar Aris sûnt de simmer fan dit jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)