Basketballers Aris winne wer

14 mrt 2004 - 00:00

It Ljouwerter Aris wûn sneontejûn mei 64-53 fan WGW út Den Helder. Aris bliuwt troch de santjinde oerwinning op rige oan de lieding yn 'e promoasjedivyzje. WGW makke it Aris yn it begjin fan 'e wedstriid knap lestich, mar yn 'e twadde helte rûn Aris safier út dat de oerwinning net mear yn gefaar kaam.

Justin Tatum en Maarten Huizinga makken 14 en 12 punten. Fierder spile junior Arno Bunnig in goeie partij by Aris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)