Basketballers Aris pakke winst yn lêste fiif sekonden

13 sep 2015 - 11:21
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn de oefenwedstriid tsjin it Lúksemboarchske Amicale Steinsel wûn mei 53-52. Yn Lúksemboarch stie der nei it earste kwart in 16-12 efterstân foar de Ljouwerters op it boerd.

De ploech fan trainer Michael Schuurs werstelde him by rêst: 26-26. Yn it tredde kwart naam Aris de lieding oer: 41-46. Yn in spannende slotfaze gong de striid lykop. Mei noch fiif sekonden op de teller skeat Javier Duren de beslissende trijepunter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)