Basketballers Aris kampioen

25 apr 2004 - 00:00

De Ljouwerter basketballers fan Aris binne sneon kampioen wurden. Troch it ferlies fan neiste konkurrint Early Bird kin de klub út Haren Aris net mear ynhelje. Sels wûn Aris sûnder grutte problemen mei 100-92 fan Landstede.

It kampioenskip kin mei rjocht histoarysk neamd wurde, want noch nea spile in Fryske klub yn 'e heechste basketball-kompetysje. Aris hat 52 punten út 27 wedstriden en in doelsaldo fan 2238 om 1897.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)