Basketballers Aris ferlieze fan Amsterdam

02 apr 2016 - 22:15
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris hawwe sneon de wedstriid tsjin Apollo Amsterdam yn de kelder fan de kompetysje ferlern. It waard 84-75 foar de Amsterdammers. De Ljouwerters en de Amsterdammers giene de earste helte gelyk op. By rêst stie it dan ek 41-41. Amsterdam rûn yn de twadde helte lykwols út en Aris koe in ferlies net mear keare.

De Ljouwerters stean foarlêste yn de kompetysje. Om de play-offs noch te heljen, sille se goede resultaten boeke moatte yn de kommende wedstriden tsjin Rotterdam en Weert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)