Basketbalklup Aris giet fierder mei Leroy Peterson

13 jun 2015 - 10:24

Basketbalklup Aris nimt Leroy Peterson de kommende twa jier op as folweardich lid fan de haadseleksje. Peterson makke dêr it ôfrûne seizoen ek al diel fan út, mar kaam doe amper oan spyljen ta. Wol waard er ynset yn it talintenteam, en omdat er dêr goed prestearde krijt er no in fêst plak yn de haadseleksje.

Dexter Hope en Tjoe de Paula krije gjin nije oanbieding fan Aris. Dat betsjut dat sy de klup nei fjouwer jier ferlitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)