Basketbalfjild ôfkard troch Dútske klup Rasta Vechta

20 sep 2015 - 18:44

De basketbalwedstriid fan Aris tsjin Rasta Vechta út Dútslân is snein net trochgien. De wedstriid soe op it fjild fan basketbalferiening Dyna '75 op It Hearrenfean wêze. Mar de Dútsers fûnen it spylfjild net goed genôch en doe is it ôfsein.

De wedstriid soe de ôfsluting foarmje fan it 40-jierrich jubileum fan Dyna '75. Dêrfoar hiene se de Fryske klup útnoege om tsjin it sterke Dútske Rasta Vechta út te kommen yn in demonstraasjewedstriid. It duel soe plakfine yn Sportstêd Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)