Basisûnderwiis giet foarút

20 apr 2011 - 15:55
  • IBS De Wielen yn Ljouwert is gjin swakke skoalle mear

De kwaliteit fan it basisûnderwiis ferbetteret neffens in rapport fan de ûnderwiisynspeksje. Dat soe komme troch ynset fan de skoallen sels, mar ek troch ekstra omtinken fan de provinsje fia it projekt 'Boppeslach'. Yn 2007 diene 88 skoallen mei, no binne dat der 225.

De risseltaten foar it fuortset ûnderwiis binne minder posityf. Dêrfoar is gjin provinsjale stipe en de kâns dat dy der komt is lyts. Provinsjale Steaten twifelje dêroan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)