Basisskoallen yn Stynsgea wolle gearwurkje

12 des 2014 - 06:32

Iepenbiere basisskoalle Maskelyn en kristlike basisskoalle De Saad yn Stynsgea wolle mei-inoar gearwurkje. Earder hawwe beide skoallen âlden frege hoe't sy tsjinoer dit plan stean. Doe die bliken dat in grutte mearderheid foar wie.

Beide skoalbestjoeren - Noventa en Roobol - hawwe dêrom no in stjoergroep en ferskate wurkgroepen yn it libben roppen om te ûndersykjen hoe't de nije gearwurkingsskoalle foarm krije moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)