Basisskoalle fertsjinnet priis

12 jan 2005 - 22:57

De Frijwilligerspriis fan de gemeente Smellingerlân giet nei de kristlike basisskoalle De Wyngert yn Drachtsterkompanije. De priis koe fertsjinne wurde foar it ferbetterjen fan de leefomjouwing. En dat is De Wyngert slagge mei it opknappen fan it skoalplein. Woansdeitemiddei wie de priisútrikking fan 1250 euro. Fierder wiene de EHBO-ôfdieling en in bernewurkferiening fan Drachten nominearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)