Basisskoalle 'De Trime' Beetstersweach ûntromme om gaslek

04 jan 2016 - 11:47
  • Basisskoalle 'De Trime' yn Beetstersweach

Basisskoalle' De Trime' yn Beetstersweach is oan de ein fan moandeitemoarn ûntromme yn ferbân mei in mooglik gaslek. Dosinten rûkten in gaslucht by de meter en bellen fuortdaliks de brânwacht. Gasleveransier Enexis hat it gas ôfsletten. De bern wurde nei 'It Trefpunt' brocht. Dêr wurde de âlden belle om de bern op te heljen. "It wie al aardich kâld yn skoalle. No't it gas ôfsletten is, is it gebou hielendal net mear waarm te krijen", seit direkteur Ina van der Vlugt.

Se ferwachtet dat de bern tiisdei wer gewoan nei skoalle kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)